ONS ferliest fan Scheveningen

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon ûnnoadich mei 2-1 ferlern fan Scheveningen. Op it Sudersportpark sette Curty Gonzales de Snitsers nei 26 minuten op 1-0. Fiif minuten letter wie de lykmakker in feit. Op slach fan rêst sette Scheveningen de 2-1 tuskenstân op it boerd.
Under lieding fan ynfaller Sandor van der Heide fierden de Snitsers de druk nei it skoft op. Nettsjinsteande de man mear situaasje yn de slotminuten bleau de Snitser lykmakker út. Ek ONS einige de wedstriid mei 10 man nei in reade kaart foar Martijn Roosenburg.
ONS Boso Snits bliuwt troch it ferlies stykjen op 23 punten út 16 wedstriden.