Jubileum Amelân Adventurerun

14 des 2013 - 14:24
  • Tim Pleijte wint de Adventurerun op It Amelân
  • Iwan Kamminga waard twadde op de Adventurerun It Amelân
  • Adventurerun Ameland 2013, oersjoch fan it strân mei de rinners

De Amelân Adventurerun belibbet sneon it 10-jierrich jubileum. It tal dielnimmers is yn de jierren bot tanaam. Sneon stean goed 4200 dielnimmers oan de start. Yn it earste jier wiene dat mar 600.

De organisaasje hopet de kommende jierren it dielnimmersfjild sterker te meitsjen en miskien wat nasjonale of sels ynternasjonale toppers nei it eilân te heljen. Wol moat it boppe alles in famylje-evenemint bliuwe. De Adventurerun hat twa ôfstannen foar bern, in fiif en in tsien kilometer, en in heale maraton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)