Plysjeman yn gesicht slein

Plysje-embleem © ANP
In 28-jierrige ynwenner fan Boarnburgum hat freedtenacht yn Drachten in plysjeman skopt en slein. De man koe pas mei help fan pepperspray oppakt wurde.
De fertochte wie mei twa oaren fan in ôfdakje fan in gebou oan de Noardkade ôfhelle. Wat se dêr diene, is ûnbekend. De fertochte waard obsternaat, skelde de plysje út en naaide út. Doe't de plysje him op de Fallaatsterein ynhelle, sloeg er in plysje yn it gesicht en skopte er nei de plysje. Op de Suderdwersfeart krige er in straal pepperspray yn it gesicht spuite en waard er ynrekkene.