'Trochstart Kooiker Transport'

Ferfiersbedriuw Kooiker Transport yn Grou makket sa goed as wis in trochstart. Nei alle gedachten sil dat al yn de rin fan takom wike barre. Hoefolle fan de 58 wurknimmers oft mei oer kinne, is noch net te sizzen. Neffens kurator Jan Bijlholt fan Alderse Baas Advokaten giet it om in substansjeel diel.
Kooiker Transport waard fan 'e wike fallyt ferklearre. It bedriuw is ûnderdiel fan de Kooiker Groep. De aktiviteiten fan de groep falle net ûnder it fallissemint.