Alvestêdetocht foar SR

It Glêzen Hûs-yn-oanbou op it Saailân
In groep ynwenners fan de gemeente De Fryske Marren fytst op snein 22 desimber in Alvestêdetocht foar Serious Request. Wethâlder Jelle Wesselius en maratonrider Jan Roelof Kruithof dogge dêroan oan. In groep meiwurkers fan de gemeente Ljouwert fytst ek mei yn de tocht.
De dielnimmers wolle mei de fytstocht jild ynsammelje foar it goede doel. Start en finish binne by it Glêzen Hûs yn Ljouwert.