Earepenning foar Hercules

14 des 2013 - 09:08

De jubilearjende gymmastykferiening Hercules yn Aldeboarn hat freedtejûn út hannen fan boargemaster Ton Baas de Koninklijke Earepenning krigen. De klup, mei sa'n 300 leden bestiet dit jier 100 jier en docht oan sawol oan top- as breedtesport. Ek de ûntwikkeling fan jong talint is fan belang. Fan de 300 leden binne der 217 jeugdleden.

Hercules wurket ek mei de Stichting Leergeld. Dêrtroch kinne ek âlden dy't minder jild te besteegjen hawwe, har bern sporte litte by Hercules.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)