Nije startregeling Tocht

De Alvestêdeferiening komt takom jier mei in nij stânpunt oer de startbewizen. De feriening hat sa'n 30.000 leden, mar safolle minsken kinne net tagelyk op it iis by in Alvestêdetocht. In groep fan 20.000 leden hat dêrom in saneamde startkâns. Dat hâldt yn dat de helte fan dizze groep wol in startbewiis krijt, wylst de oare helte in jier letter in startbewiis kriget. De bedoeling wie dat de Alvestêdeferiening nei in nije Alvestêdetocht op 'e nij nei de regeling sjen soe, mar der is in brief fan in groep leden kaam oer de kwestje.