Debatingklup oardel ieu

De Debatingclub Leeuwarden bestiet 150 jier. Dat is bysûnder want dizze ferienings bestean hast net mear yn ús lân. Mooglik is de debatingklup fan Ljouwert de âldste besteande debatingklup fan ús lân. Oan 'e ein fan de 19e ieu wiene der ferskate plakken yn it lân klups, dêr't de leden mei-inoar diskusearren oer maatskiplike ûnderwerpen. De measte ferienings binne yn de rin fan 'e tiid ophâlden. Freedtejûn hie de debatingklup syn jubileumfeest. Spesjaal dêrfoar waard in sympoasium organisearre en is der it boek 'Debat zonder einde' makke.