De Gordyk: man ferwûne by ûnk
In scooterrider is tongersdeitejûn ferwûne rekke doe't er op de Stasjonswei op De Gordyk op in auto botste. It slachtoffer, in 21-jierrige man fan De Gordyk, hie syn helm net goed op. Hy is mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht.
De bestjoerder fan de auto, in man fan 19 fan It Hearrenfean, rekke net ferwûne.