Pearse freed op skoalle Balk

13 des 2013 - 09:35

It CSG Gaasterland yn Balk docht freed mei oan de lanlike aksjedei tsjin homohaat. Op dizze 'pearse freed' komme alle learlingen en dosinten yn pearse klean nei skoalle ta. De bern krije les oer respekt foar homo's, mar leare ek respekt foar harsels te hawwen. CSG Gaasterland hat ûnder oare in teaterselskip ynhierd om in diskusje oer it tema te hâlden.

De spesjale lesdei wurdt organisearre mei subsydzje fan it ministearje. Lanlik dogge 500 skoallen mei oan dizze tredde edysje fan pearse freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)