Jouster yn striidgebiet

12 des 2013 - 20:17
  • Sintraal Afrikaanske Republyk

It geweld yn de Sintraal Afrikaanske Republyk hat de ôfrûne wike oan mear as fiifhûndert minsken it libben koste. Yn it lân stride wapene groepen moslims en kristenen tsjininoar. Yn dizze gaos wurket Pieterjan Wouda fan de Jouwer. Hy sit sûnt septimber yn de Sintraal Afrikaanske Republyk foar Artsen Zonder Grenzen.

Ferline wike wie de situaasje sa gefaarlik dat Pieterjan en syn kollega's binnen bliuwe moasten om net yn de fjoerliny fan de rebellen te kommen. Pieterjan wurket sûnt 2002 foar Artsen zonder Grenzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)