Jieroersjoch 2013, diel 2

De ein fan 2013 is yn sicht. Heech tiid om werom te sjen op it ôfrûne jier. De wichtichste, opmerklikste en aardichste nijssaken hawwe wy foar jo op in rige set op www.omropfryslan.nl mei fideo en foto's.
Yn it twadde fearnsjier falt foaral it grutte oantal dramatyske ûngelokken op. Sa komme trije mânlju om yn in dongsilo yn Makkingea en falle der twa deaden by ûngelokken op it wetter. Ek komt der mei de feroardieling fan Jasper S. in ein oan de saak Vaatstra en wurdt Cambuur kampioen. Takom wike folget it folgjende fearnsjier.