Utfanhuzers Glêzen Hûs bekend

12 des 2013 - 16:55

De artysten dy't in nacht yn it Glêzen Hûs yn Ljouwert sliepen bliuwe, binne bekend. Astronaut André Kuipers, aktrise Anna Drijver, sjonger Jan Smit, presintatrise Geraldine Kemper, sjongers Jaqueline Govaert en Laura Jansen en presintator Dennis Weening komme útfanhûs. De gasten bliuwe allegearre ien nacht by de dj's Coen Swijnenberg, Giel Beelen en Paul Rabbering yn it hûs.

Ek nimme se allegear in item mei foar de grutte Serious Request feiling. It Glêzen Hûs giet takom woansdei fan start. Turner Epke Zonderland sil de dj´s dan opslute.

It glêzen ytkafee fan 3FM DJ Gerard Ekdom is in sukses. It restaurant is foar de hiele wike al folslein útferkocht. Ekdom sil net sels itensiede, mar is yn it kafee oanwêzich as gasthear. Koks lykas Jeroen Robberegt en Erik van Loo soargje foar de iterij. De opbringst fan it kafee giet folslein nei Serious Request. Minsken dy't dochs noch lekker ite wolle foar it goeie doel kinne op in oar plak telâne. Der binne noch plakken yn it glêzen restaurant op de Lange Piip yn Ljouwert. De ferwachting is dat hûnderttûzenen minsken foar Serious Request nei Ljouwert komme. Foar en efter de skermen wurdt no hurd wurke om alles sa goed mooglik ta te rieden. By de gemeente Ljouwert is in spesjaal team foar de 3FM-aksje gearstald.

De kâns bestiet dat by topdrokte de Doelesteech en de Lytse Tsjerkstrjitte ôfsletten wurde. Dit omdat der in soad kuierferkear ferwachte wurdt tusken it Saailân en de Aldehou, de twa pleinen dêr't de measte aktiviteiten plakfine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)