Wietze Lap op kieslist FNP

FNP
Ald-fraksjefoarsitter Wietze Lap fan GrienLinks yn Smellingerlân stiet no op it tredde plak fan de kieslist fan de Frysk Nasjonale Partij yn dy gemeente. De FNP hopet mei hjirtroch groeie te kinnen fan twa nei trije sitten yn de ried fan Smellingerlân. Durk Oosterhof is op 'e nij ta listlûker keazen. Saapke Voolstra, de âld-foarsitter fan de FNP-jongerein, stiet op it twadde plak.
It sittende gemeenteriedslid Sybren Sytsma is net langer beskikber foar it riedswurk, omdat hy dit net goed kombinearje kin mei syn wurk.