SWF: GB docht wol mei

Gemeentebelangen Súdwest-Fryslân docht dochs mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn maart. De partij koe dreech kandidaten fine foar de ferskate funksjes yn de partij en naam dêrop it beslút dermei op te hâlden. Doe't dat bekend waard kamen der in soad teloarstelde reaksjes by de partij. Der melden har ek ferskate minsken dy't har wol kandidaat stelle woene foar in plakje op de list.
De partij hopet sa gau mooglik de listlûker bekendmeitsje te kinnen.