'Takomst boeren goed'

11 des 2013 - 22:57
  • De ledegearkomste fan LTO-Noard yn Ljouwert

De takomst foar de boeren sjocht der goed út. De resesje is foarby en de eksport fan ûnder oare suvel nimt ta. Dat sei finansjeel direkteur Bert Bruggink fan Rabobank Nederland woansdei op de jiergearkomste fan LTO Noard yn Ljouwert. It tema wie 'Vooruit boeren met open vizier'. Neffens sprekster Inge van Schie fan de Agraryske Jongeren, moatte de takomstige boeren folle mear ynstekke op de kwaliteit en minder op de kwantiteit.

Dat betsjut mear omtinken foar it wolwêzen fan de bisten en in goed draachflak foar it buorkjen by de boargers.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)