Nije drainaazje De Wrongel

11 des 2013 - 22:06

Nije drainaazje moat de wetteroerlêst by in grut tal huzen op De Wrongel yn Easterwâlde oplosse. De bewenners hawwe al moannen lêst fan wetter dat út de grûn omheech komt. Wenningkorporaasje Actium woe dat oplosse troch drainaazje oan te bringen ûnder de fundearring. Doe't dat besocht waard kaam lykwols ûnder de huzen pún oan it ljocht fan de âld-molkfabryk dy't op itselde plak stien hat.

Yn it nije plan wol Actium de drainaazje oanbringe yn djippe sluven oan de achterkant fan de huzen. It wurk moat yn febrewaris begjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)