Galema baas by VNO-NCW Fryslân

Sjoerd Galema
Sjoerd Galema fan Hartwert wurdt de nije foarsitter fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Fryslân. Hy folget Durk van Tuinen op. De direkteur fan Frisia Sâlt yn Harns hâldt nei acht jier op mei it foarsitterskip. Sjoerd Galema is âld-deputearre fan it CDA, bestjoerslid fan suvelkorporaasje FrieslandCampina en lid fan de ried fan kommissarissen fan Royal FrieslandCampina.
VNO-NCW hat yn Fryslân hast 500 leden. Direkteur Lambert Zwiers fan de organisaasje is wiis mei de beneaming fan Sjoerd Galema.