Brânbrief oer posysje Omrop

11 des 2013 - 17:06
  • Omrop

It Europeesk Buro foar Lytse Talen, it EBLT, hat in brânbrief stjoerd oan de Twadde Keamer en Provinsjale Steaten oer de posysje fan Omrop Fryslân. Ek is in brief gong nei de Ried fan Europa. Neffens it EBLT stiet de posysje fan de Omrop as Frysktalich medium faai, troch de driigjende besunigings fan de oerheid.

De finansiering fan de regionale omroppen leit fan 1 jannewaris ôf by it ryk en neffens it EBLT bestjut dat dat de Omrop yn 2017 1,7 miljoen euro besunigje moat.

Dy besuniging is allinnich wier te meitsjen as de Omrop op giet yn de lanlike NPO of fusearret mei RTV Drenthe en RTV Noord yn Grins. Dêrmei soe de Fryske taal neffens it EBLT as media-taal ferlern gean en dat soe neffens de Europeeske regels net meie. Krekt oarsom, neffens it Ramtferdrach foar nasjonale minderheden hawwe de Friezen rjocht op in eigen radio- en tv-omrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)