SP wol mear wifi yn provinsje

11 des 2013 - 17:00

De SP yn Provinsjale Steaten wol dat de provinsje foar folle mear plakken jild beskikber stelt foar de oanlis fan fergees wifi. De provinsje wol de ynternetferbinings oanbiede op 44 toeristyske plakken, mar neffens de SP is dat net genôch. Neffens har soe der ek jild komme moatte foar wifi-ferbinings yn ûnder oare Bakkefean, Akkrum en Burgum. Dy plakken ûntbrekke no noch op de list fan de provinsje en de SP begrypt net wêrom. Nije wike prate se yn de steaten oer it ûnderwerp. De SP komt dan mei in nij útstel.

Trefwurden: 
Provinsjale Steaten SP wifi
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)