Rjochtbank pakt achterstân oan

De rjochtbanken yn Noard-Nederlân behannelje yn 2014 tûzenen ekstra saken. Op it stuit lizze 3500 saken op de steapel om't der te min sittingsromte en mânkrêft wie. Der drige in werbeoardieling foar de strafsaken te kommen en dat kin betsjutte dat saken net foar de rjochter komme en úteinlik yn it jiskefet bedarje. De rjochtbanken sette kommend jier mear plysjerjochters yn sadat de achterstân oplost wurde kin.