Priis foar Wilhelminaplein

© Omrop Fryslân
It Wilhelminaplein yn Ljouwert, dêr't it Fries Museum oan leit, hat in priis wûn foar de bêste Iepenbiere Romte. In sjuery fan it fakblêd Stedelijk Interieur koe foar de saneamde Falco Award út trije nominaasjes kieze. Neist Ljouwert wie dat de stasjonsomjouwing fan it Europapark n Grins en Broekpolder yn Vlaardingen. It Wilhelminaplein sprekt de sjuery oan fanwege it sjike tapyt fan trije soarten natuerstien mei ledlampen en fonteinen. It plein is geskikt foar tal fan aktiviteiten as de freedsmerk en fansels it Glêzen Hûs fan Serious Request.