Hoop op trochstart Kooiker

11 des 2013 - 13:19

Direksje fan Kooiker Transport hat betrouwen yn in trochstart fan it fallyt ferklearre transportbedriuw. Dat seit direkteur Lútsen Melein. Wol is it de fraach oft alle fyftich wurknimmers har baan behâlde. Melein beweart dat Kooiker fallyt gien is as gefolch fan de minne ekonomy en it ferlies fan klanten, wêrûnder Halbertsma Pallets. Fakbûn FNV hat hjir twifels oer en tinkt dat Kooiker syn wurknimmers dien jout, mar it wurk behâlde wol.

It bûn hat woansdei in petear mei de kurator om te sjen hoe't it fierder moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)