Rommel fan kustline oprêde

Wetterskip Fryslân is woansdei mei leanbedriuwen in stik dyk oan it skjinmeitsjen. In himmelploech rommet oer 13 kilometer guod op dat mei de stoarm op de kust oanspield is. Der is spesjale apparatuer om it guod op te pakken en yn konteners fuort te smiten. Weinen wurde fol mei gers, hout en oare troep stoppe. It giet om it stik dyk tusken Nije Biltdyk en Holwert. Der leit sa'n soad dat de ferwachting is dat tsientallen frachtweinen sân dagen lang op en oan ride. It guod wurdt ôffierd nei Harns der't der kompost fan makke wurdt.
It wetterskip draait op foar de kosten fan it opromjen fan de stoarmskea. Hoe heech oft de rekken wurdt, is noch net bekend.