Raard pakt noch mei ûngelok om

11 des 2013 - 11:22

Yn Raard ha minsken noch altyd lêst fan de ferwûnings dy't se oprûn ha by it dramatyske ûngelok âldjiersnacht. Sawol fysyk as psychysk. In 42-jierrige frou út Dokkum ried doe op it freugdefjoer yn en dêrby rekken 17 minsken ferwûne. Ien ynwenner ferstoar letter oan syn ferwûnings. It doarp mei 230 ynwenners is der as mienskip wol sterker útkaam. Op it plak fan it ûngelok hat de gemeente Dongeradiel in betinkingsbeam plante. Dit jier komt der gjin freugdefjoer yn it doarp.

De gemeente Dongeradiel hat de regels oanskerpe. Ien of twa persoanen moatte no in ûntheffing oanfreegje. Dy persoanen binne dan ek oansprekpunt, foar wat der op de bulte komt, mar ek foar de ferkearsfeiligens.

Yn Bynt is woansdeitejûn in reportaazje oer de ynwenners fan Raard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)