Soad plysje by Fryske derby

De plysje hat by de wedstriid Hearrenfean-Cambuur yn septimber 265 ekstra minsken ynset. Dit om rellen tusken supporters foar te kommen. Dat docht bliken út sifers dy't Omrop Fryslân fia de Wet Openbaar Bestuur opfrege hat. By gewoane wedstriden binne tusken de 20 en 50 plysjeminsken paraat. By de grutte ynset by de Fryske derby wienen hast 100 man fan de ME.
Ek hat der acht oeren in plysjehelikopter flein. Boargemaster Crone fan Ljouwert seit dat de ekstra plysje-ynset ienmalich wie.
De Fryske derby wie al 13 jier net spile en om't der sinjalen wiene fan supportersrellen, hat de plysje it wisse foar it ûnwisse keazen. Plysje, boargemasters en klups prate ek al oer de returnwedstriid Cambuur-Hearrenfean dy't op snein 26 jannewaris yn Ljouwert spile wurdt.