Klup foljêrefûgels fergrizet

© Omrop Fryslân, Dirk Baron
Jongeren litte it hieltyd mear ôfwitte as it giet om it hâlden fan foljêrefûgels. Dat docht bliken by it Frysk kampioenskip dat woansdeitejûn yn Nijlân is. Der binne noch wol 1200 fûgels ynbrocht, dy't besykje in plakje te krijen op it Nederlânsk kampioenskip yn jannewaris yn Apeldoorn. Dy fûgels komme fan sa'n 130 leden fan ferskate klups yn de provinsje. Dat binne 15 minder as foarich jier. De jongste dielnimmer is ûngefear 35 jier. De organisearjende fûgelferiening Boalsert is dwaande mei inisjativen om jongeren der wer by te krijen.