Fertraging nijbou Thialf

11 des 2013 - 06:11

De oanbesteging fan it nije Thialf op It Hearrenfean rint hast twa wiken fertraging op. De kommisje dy't de ferskate nijbouplannen beoardielje moat, hat mear tiid nedich. Oarspronklik soene de fiif konsortia dy't it nije Thialf bouwe wolle op 6 desember de útslach krije. Dat wurdt no 17 desimber. Direkteur Eelco Derks fan Thialf seit dat de beoardielingskommisje hiel soarchfâldich mei de proseduere omgean wol.

Trefwurden: 
nijbou Thialf oanbesteging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)