90 Miljoen foar twa gemeenten

Fryslân stekt mear as 90 miljoen euro yn de ûntwikkeling fan Drachten en It Hearrenfean. Mei it jild moatte beide plakken better berikber wurde foar automobilisten, forenzen en toeristen. It jild wie earst bedoeld foar de oanlis fan in treinferbining tusken It Fean, Drachten en Grins, mar dat giet net troch. It kompensaasjejild is foar 15 projekten dy't de ekonomy fan Smellingerlân en Hearrenfean sterker meitsje moatte.