Soarchbuorkerij mei oplieding

10 des 2013 - 17:12

Soarchbuorkerij Wolwêzen yn De Knipe hat yn gearwurking mei it Nordwin Kolleezje en stifting BEZINN in folslein praktykrjochte MBO 1-oplieding opset. It is in oplieding foar jongeren, dy't muoite hawwe mei teoretysk learen mar yn de praktyk handich binne op it mêd fan grien en bisten. De buorkerij is fan âld-dosinten fan it Nordwin Kolleezje, Anouk Rentmeester en har man Henk Kramer.

Alle tiisdeis krije de dielnimmers fakken as Nederlânsk, rekkenjen en maatskippijlear. Op de oare dagen leare se benammen yn de praktyk.

De oplieding biedt minsken dy't net op in gewoane skoalle funksjonearje de kâns om yn de praktyk oan harren ûntwikkeling te wurkjen. Nei dizze ienjierrige-oplieiding kinne de jongeren trochstreame nei in MBO-oplieding op nivo twa of oan it wurk op bygelyks in buorkerij of yn de grienfoarsjenning. Yn Droegeham komt takom maaitiid de twadde praktykrjochte oplieding fan it Nordwin Kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)