Pensjoenprotest Friesland Bank

Meiwurkers fan de Friesland Bank hawwe tiisdei protesteard by it haadkantoar yn Ljouwert. Se binne poer op it feit dat der noch hieltiid ûndúdlikheid is oer harren pensjoen. De bank is oernaam troch de Rabobank, mar dy wol de pensjoenen fan de nije meiwurkers net oernimme.
Meiwurkers en fakbûnen komme dêrom yn aksje. De fakbûnen binne yn ûnderhanneling mei de direksje fan de Rabobank en hoopje sa gau mooglik op mear dúdlikheid oer de pensjoenen.