SR: Kreammûtse-aksje suksesfol

10 des 2013 - 14:02

De aksje fan de kreamôfdieling fan it MCL foar Serious Request rint dat it slydjaget. Ofrûne jier is al foar hast 15.000 euro oan breiden kreammûtskes en
-sokjes ferkocht. De inisjatyfnimmers hienen hope op 6000 euro en binne dan ek út de skroeven troch it sukses. Minsken út hiel Fryslân hawwe mei it MCL meibreide, fertelt Anriët van der Meer.

De breidaksje foar Serious Request stiet no op nûmer twa yn de list fan aksjes mei de heechste opbringst. De kreamôfdieling hopet op nûmer 1 út te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)