Jild foar fytspaad De Harkema

02 feb 2012 - 21:55

Boargemaster en Wethâlders fan Achtkarspelen wolle goed 160.000 euro útlûke foar it opknappen fan it fytspaad tusken Reaskuorre en Surhústerfean. It fytspaad wurdt breder en ferhurde.

De opknapbeurt stie al jierren op it ferlanglist fan Pleatslik Belang. Benammen simmerdeis is it hiel drok op it fytspaad en dat soarget foar gefaarlike sitewaasjes. Sa kin der eins net ynhelle wurde en dat kin aanst wol. De gemeenteried nimt meikoarten in beslút oer it foarstel.

Trefwurden: 
De Harkema fytspaad Surhuzum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)