Minder animo kontaktdagen

WTC Ljouwert
It tal oanmeldings foar de bedriuwekontaktdagen falt dit jier bot ôf. De organisaasje fan de jierlikse beurs yn it WTC Expo yn Ljouwert moat it dit jier mei goed 25% minder bedriuwen dwaan. Steane der gewoanwei 700 bedriuwen op de beurs, no binne dat der noch mar 500.
It tal besikers dat ferwachte wurdt leit ek folle leger. De oarsaak leit yn de ekonomyske krisis. De bedriuwekontaktdagen binne op 20 en 21 maart. De ynskriuwing duorret noch goed in moanne.