Epke krijt freed dúdlikheid OS

© Dirk Klaver
Epke Zonderland krijt freed te hearren oft hy nei de Olympyske Spelen yn Londen mei of dat it dochs Jeffrey Wammes wurdt. It Keninklik Gymnastykbûn makket dat dan bekend.
Dêrmei komt in ein oan de ûnwissichheid foar beide sporters. Op it kwalifikaasjetoernoai yn Londen ha beide turners harren kwalifisearre, mar moasten noch wol foarmbehâld toane. It turnbûn makke koartlyn bekend dat Epke foarmbehâld toand hie en sadwaande pleatst wie, mar tongersdei makke it bûn bekend dat se dat berjocht wer ynlutsen.