Skoallen stean stil by Mandela

10 des 2013 - 12:14
  • dielnimmers oan de Nelson Mandelabetinking yn Soweto

Net allinnich yn Súd-Afrika, mar ek yn Ljouwert waard tiisdei stilstien by it ferstjerrren fan Nelson Mandela. Yn it fuotbalstadion fan Soweto is in grutte betinkingsbyienkomst, dy't ek yn Nederlân streekrjocht te folgjen is. Yn Ljouwert waard de betinking ûnder oare besjoen op kristlik gymnasium Beyers Naudé. Dizze skoalle is ferneamd nei de Súd-Afrikaanske dûmny, dy't lykas Mandela bot striden hat tsjin de apartheid. De fjirde klasse folge de betinking yn skoaltiid.

Ek by minskerjochte-organisaasje Tûmba waard de betinking folge.

Ate de Jong fan minskerjochtesintrum Tûmba sjocht leafdefol werom op it libben fan Mandela en seit dat it in man is dy 't wy nea ferjitte sille.

By de Ljouwerter hegeskoalle Stenden hong de Súd-Afrikaanske flagge healstôk. Stenden hat fjouwer bûtenlânske festigings, wêrûnder ien yn Súd-Afrika. Direkteur fan dy skoallen is Wayne Johnson, berne yn Kaapstêd. Hy folge de betinking fanút syn kantoar yn Ljouwert. Johnson krige yn de jierren njoggentich in beurs om yn Londen te studearjen. De lokwinsken mocht hy by Nelson Mandela thús ophelje. Doe hawwe de beide mannen ek fûstke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)