Cambuur trapet net yn nepsjeik

10 des 2013 - 11:40

Cambuur is net yn in grap fan PowNews trape om de klup oernimme te litten troch in 'sjeik'. Yn tsjinstelling ta FC Den Bosch hiene kommersjeel direkteur Ard de Graaf en algemien direkteur Gerald van den Belt gau troch dat it om in grap gie. PowNews hie in akteur ynhierd dy't in sjeik imitearre dy't de klup foar miljoenen oernimme woe.

FC Den Bosch hapte ta. Cambuur en Willem II giene it petear oan, mar giene net op de plannen yn. De sabeare sjeik woe fan alles feroarje, fan de klupkleuren oant it logo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)