SR-konsert Harmonie skrast

It glêzen hûs stiet al op it Saailân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It benefytkonsert dat op 23 desimber yn De Harmonie hâlden wurde soe foar Serious Request giet net troch. Der binne mar in pear kaarten ferkocht. Dêrtroch kin it konsert net út. Under oare Piter Wilkens, Anneke Douma, Danny Panadero en Adri de Boer soene optrede. De opbringst wie foar Serious Request fan 3FM.
It konsert is in inisjatyf fan de Vrienden van Serious Request, opset troch reklameburo 141% út Ljouwert. Der wie ek in spesjaal ferske opnaam troch de artysten dy't optrede. Wat der mei dat ferske bart, is noch net dúdlik.
Yn Schaaf City Theater wurdt 18 desimber ek in benefyt organisearre foar Serious Request. De foarferkeap foar dat evenemint rint goed en giet dus wol troch.