Russsyke boykot suvelprodukten

10 des 2013 - 10:19

Ruslân driget 15 Nederlânske suvelbedriuwen, wêrûnder FrieslandCampina, te boykotten. De Russyske ynspeksje Rosselkhoznadzor skriuwt yn in brief oan de Nederlânske oerheid dat de suvelprodukten tekoartkommings hawwe. Neffens FrieslandCampina wurdt net alle suvel wegere, mar giet it om guon ûnderdielen dy't nei 19 desimber Ruslân net mear ynkomme.

It suvelbedriuw bestudearret it brief en komt letter dizze wike mei in ynhâldlike reaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)