Man springt op ridende auto

© Omrop Fryslân / Onno Falkena
In 21-jierrige man út Swolle is moandeitejûn oppakt omdat hy yn de Goudenregenstrjitte yn Ljouwert op in ridende auto sprong. Ek hat er de rutewiskers stikken skuord. De man sloech op de flecht. Letter waard de plysje alarmearre om't it alaarm fan de skoalle yn de Goudenregenstrjitte ôfgie. De fertochte hie in rút ynsmiten.
De plysje koe de man oanhâlde. De plysje tinkt dat de man lulk wie omdat hy wegere wie by de nachtopfang fan Zienn.