Kuiertocht fan hast 14.000 km

10 des 2013 - 06:35

Fries om utens Piet Pieterson is fan doel de kommende jierren mei in buggy fan Kaapstêd nei Kairo te rinnen. It giet om in tocht fan hast 14.000 kilometer. Hy docht it foar syn persoanlike ûntwikkeling.

De tocht is net sûnder gefaar. Sa rint hy troch lannen dy't troch it ministearje fan Bûtenlânske Saken as gefaarlik bestimpele wurde. Pieterson is op de hichte fan de gefaren. Hy fielt him no sterk en wol syn plan dêrom trochsette. De kommende moannen giet hy yn training. Sa kuieret hy de kommende dagen ûnder oaren troch Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)