Ofskied wethâlders Hearrenfean

10 des 2013 - 06:05

De gemeenteried fan Hearrenfean hat moandeitejûn fan twa wethâlders ôfskie naam. It giet om Age Hartsuiker fan Gemeentebelangen en Lykele Buwalda fan de PvdA. Hartsuiker moat twongen fuort nei't de ried it betrouwen yn him opsein hie, Buwalda giet op 1 jannewaris mei pensjoen.

Dat is ek de datum dat de gemeente Hearrenfean offisjeel in part fan Boarnsterhim derby krijt. Buwalda is al sûnt 2003 wethâlder yn de gemeente Hearrenfean. Dêrfoar wie er jierren riedslid foar de PvdA.

Hartsuiker siet sûnt 2010 yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Syn posysje kaam faai te stean nei't bekend waard dat er fertroulike stikken trochstjoerd hie nei syn fraksje en dy't sa yn de Ljouwerter Krante bedarren. Hy hat op seis desimber syn ûntslach yntsjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)