Stoarm ek goed foar natuer

09 des 2013 - 21:40

De stoarm en it hege wetter fan ferline wike hawwe ek in posityf effekt. Op Skylge bygelyks binne oan de westkant fan it eilân by de Noordvaarder sânplaten bykaam. Dy kinne yn de takomst troch seldsume strânbriedfûgels lykas de noardske stirns brûkt wurde as briedgebiet. Dat seit boskwachter Yoeri Lamers fan Steatsboskbehear op Skylge.

De oerstreamings bine ek goed foar it plantelibben op it eilân. Sa kinne op it Griene Strân planten lykas 'fraai duizendguldenkruid, rode bies en zilt torkruid' fierder groeie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)