Wer ferlies Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean hat de thúswedstriid tsjin Jong VVV/Helmond Sport mei 3-2 ferlern. Jong Hearrenfean wie op sportpark Skoatterwâld net echt 'jong', mei earste-seleksje-spilers as Zomer, Kum, Wildschut, Raitala en De Kamps. De gasten kamen op foarsprong, mar Ramon Zomer kopte de 1-1 binnen.
Yn de twadde helte hie Jong Hearrenfean wol mear balbesit, mar dêr waard fierste min mei dien. In flater fan keeper Chiel Kramer betsjutte de 1-2, Yanic Wildschut soarge foar de 2-2. Krekt foar tiid brocht in strafskop de winst by Jong VVV/Helmond Sport.
Earder dit seizoen hie Jong Hearrenfean de útwedstriid noch mei 5-1 wûn.