Fiskers wol iel sels ferwurkje

09 des 2013 - 19:18

It Bûn fan Fryske Binnenfiskers hopet op syn gaust oer twa jier in eigen ferwurkingssintrum te hawwen. Dêr wurdt de fisk fan de leden ferwurke. It giet dan ûnder oare om iel, snoekbears en mûthûn. Mar iel is it wichtichste. Dy wurdt no noch mingd mei kweekiel en dy smakket neffens de binnenfiskers lang sa goed net. Troch it sels te ferwurkjen kin de fisk as Fryske iel ferkocht wurde en bringt dat mear op.

Foar de realisaasje fan it ferwurkingssintrum is subsydzje oanfrege. De fiskers binne op syk nei in kommerjele partner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)