SR: kachel út op gemeentehûs

Op it gemeentehûs fan Dantumadiel wurdt dizze wike aksjefierd foar Serieus Request. De kachel giet út. It jild dat dêrmei útsparre wurdt is foar it goeie doel. De amtners wurkje lykwols gewoan troch en komme dizze wike mei skibroeken en moffen oan op it wurk. It giet om in inisjatyf fan de meiwurkers sels, dat oernommen is troch it kolleezje fan b. en w.
De amtners rekkenje der op dat se mei-inoar 2000 euro ophelje sille. De kachelaksje smyt tûzen euro op. Oare aksjes op it gemeentehûs moatte nochris tûzen euro opleverje.