'Nije' natoer by Appelskea

Fan moandei ôf lit de provinsje Fryslân beamstobben ferwiderje en grûn plagje op seis plakken yn it Drints-Fryske Wold. Troch dit wurk krijt de natuer de romte en kinne der allegearre heideplantsjes groeie. De provinsje is ferplichte om dit te dwaan omdat se dwaande is om de N381 te ferbreedzjen. Hjirtroch giet in diel fan it Natura-2000 gebiet ferlern.
It ferwiderjen fan de beamstobben en it plagjen moat dit kompensearje. Heal jannewaris moet de put der út wêze. It oanlizzen fan de nije natuer kostet 35.000 euro.