Mear opsinten foar provinsje

09 des 2013 - 14:05

De provinsje Fryslân ferwachtet yn 2014 64,2 miljoen euro binnen te krijen oan opsinten op de wegebelesting. Dat is sa'n fiif miljoen mear as yn 2013. De provinsje krijt mear opsinten trochdat de frijstelling fan belesting foar de measte enerzjysunige auto's op 1 jannewaris 2014 ophâldt. Mei yngong fan takommend jier hoecht allinnich foar elektryske auto's gjin wegebelesting betelle te wurden.

De provinsje hie earder al besletten om it taryf yn 2014 mei 3,7 opsinten te ferheegjen. Dat kostet in trochsneed autorider 9,80 euro it jier.

De 9,80 euro dy't de Fryske autoriders mear betelje is in trochsneed bedrach. Hoefolle je krekt mear betelje hinget ôf fan it gewicht fan de auto. De provinsje wol de hegere opbringst ûnder oare brûke foar de oanlis fan de Sintrale As.

Mei-inoar ferwachtsje de tolve Nederlânske provinsjes yn 2012 68 miljoen euro mear binnen oan provinsjale opsinten, sa docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS). De ferwachte hegere opbringst is foar de provinsje Limboarch oanlieding om it taryf foar de opsinten te ferleegjen. Limboarch is de iennichste provinsje dy't dat docht; alle oare provinsjes hâlde de tariven gelyk of ferheegje dy in bytsje.

Trefwurden: 
opsinten wegebelesting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)