Sintrum foar iensume minsken

Yn Boalsert komt in moetingssintrum foar iensume en earme minsken. Ut in earder ûndersyk die bliken dat der ferlet is fan sa'n sintrum. It plak wurdt festige yn it gebou De Stipe, de deiopfang fan Talant, mar krijt in eigen yngong. Twa kear yn 'e wike wurdt der itensean foar de minsken.
Inisjatyfnimmer is Kees van Kordelaar, diakonaal opbouwurker fan de Sillige Titus Brandsma Parochy yn Boalsert. 21 desimber is de offisjele iepening fan it moetingssintrum.