Jobbegeaster ferwûne by ûnk
In man fan 20 jier út Jobbegea rekke sneintejûn ferwûne doe't er útwike moast foar in fuotgonger. It slachtoffer ried mei de auto oer de Singel. Hy seach de fuotgonger pas op it alderlêste momint.
De man is mei pine yn de boarst nei it sikehûs brocht.